Gjin beswier bedriuweterrein

24 feb 2010 - 11:31

Der mei in bedriuweterrein komme by De Gaastmar yn Wymbritseradiel. De Rie fan Steate hat de beswieren net grûndearre ferklearre. Eigners fan rekreaasjepark de Liuwe Daem wiene tsjin. Yn it bestimmingsplan is romte makke foar rekreaasjebedriuwen.

Undernimmers op 'e Gaastmar wachtsje al jierren op dizze mooglikheid. Mar de saak is noch net hielendal dien. Der moat noch praat wurde mei de grûneigner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)