Tsjûgen socht fan mishanneling

24 feb 2010 - 10:03

De plysje ûndersiket de mishanneling fan in jonge (18). Nei in melding fan in fjochtpartij is er tiisdeitenacht fûn yn de Boerhaavestraat yn Ljouwert. Neffens tsjûgen soe er mei honkbalkneppels slein wêze.

Seis jongeren dy't yn de buert fan it slachtoffer stiene, waarden troch de plysje oppakt. Letter die bliken dat sy neat mei de mishanneling te krijen hiene. De plysje is noch op syk nei de dieders. It slachtoffer is yn it sikehûs behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)