Ridderweg: 80 kilometer

24 feb 2010 - 08:36

De Ridderweg tusken Hollum en Ballum op It Amelân krijt de status fan haadferbiningswei. Dat betsjut dat der op de dyk 80 kilometer yn 'e oere riden wurde mei.

Boargemaster en wethâlders woene op de dyk in maksimum snelheid fan 60 kilometer ynfiere, omdat dat mear by in eilân mei toeristen passe soe. In mearderheid fan de rie koe him dêr tiisdei net yn fine en stimde foar in hegere snelheid. Ek doarpsbelang Hollum is dêr foarstanner fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)