Opnij Fryske modellewedstriid

Famkes yn de leeftiid fan 14 oant 23 jier kinne dit jier wer meidwaan oan de modellewedstriid 'Bisto Fryslân's Next Doutzen'? It is foar de twadde kear dat dizze wedstriid troch jongereinwebside Froeks organisearre wurdt.
Op 23 april sil in profesjonele sjuery de winneres útkieze. Sy wint dan in kontrakt by modelleburo Ulla Models. It modelleburo docht mei om't der neffens harren in protte modeltalint yn ús provinsje te finen is.