Fernijing Kollum súd-east

Kollum wurdt in stik moaier mei it opknappen fan súd-east
De wyk Kollum súd-east sil fernijd wurde. De âlde wenten wurde ôfbrutsen en op itselde plak sille wenten yn de âlde styl weromkomme. Dat wurde betelbere en duorsum boude huzen. De leefberens wie de lêste jierren sa bot achterút gien, dat renovaasje gjin opsje mear wie.
De gemeente Kollumerlan is optein mei de wykfernijing, mar ek de bewenners fan de wyk binne bliid dat de wyk no einlings opknapt wurdt.