Skea jachthavens troch winter

De winter hat in soad skea feroarsake yn jachthavens
It winterwaar hat yn in protte jachthavens yn Fryslan steigers en peallen fernield. De skea hat neffens de havenmasters te krijen mei it ôfstreamen fan it wetter.
Troch it ôfstreamen is it ferskil yn wetterpeil somtiden wol 40 sintimeter en hjirtroch drukt it iis de peallen omheech. De skea rint by guon jachthavens op oant 10.000 euro.