Caparis sil post besoargje
De Sosjale Wurkfoarsjenning Caparis sil fan 1 maart ôf de streekpost foar de gemeente Tytsjerksteradiel besoargje. It giet om in proef fan twa jier.
De gemeente wol Caparis in ekstra ympuls jaan mei de opdracht en in bydrage leverje oan de ûntwikkeling fan de meiwurkers fan it bedriuw. Nei de proef is der in evaluaasje.