Frou berôve yn Ljouwert

23 feb 2010 - 10:11

In 37-jierrige frou út Ljouwert is moandeitenacht mei geweld fan har tas berôve. Dat barde op de Emmakade yn har wenplak.

In ûnbekende man pakte mei geweld de tas fan de frou ôf. Se rekke dêrby ferwûne. In buertbewenster hat it slachtoffer opfongen. Dêrnei waard de plysje warskôge. Dy hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)