Twa himpkwekerijen oprôle

23 feb 2010 - 09:55

Op twa plakken yn Fryslân binne moandei himpkwekerijen oprôle. Yn Sint Anne waarden op in sliepkeamer fan in hûs oan de Agnesstrjitte 66 planten fûn. De plysje wie de kwekerij op it spoar kaam troch in anonime tip. De bewenner is oanhâlden, de planten en de apparatuer binne ferneatige.

Yn Aldegea waard op de earste ferdjipping en souder fan in wenhûs oan de Weinmakkerij in twadde, behoarlik profesjonele, kwekerij ûntdutsen. Alles is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)