Fytser ferwûne yn Drachten

23 feb 2010 - 09:40

In man fan 48 jier út Drachten is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. It slachtoffer fytste oer De Giek en waard yn in bocht oanriden troch in automobilist. Dy naam de binnenbocht en hie de Drachtster net sjoen.

De man kaam mei syn fyts op de motorkap fan de auto telâne. Hy rekke licht ferwûne en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)