Wurk Jopie Huisman op feiling

it is hiel bysûnder dat er wurk fan Jopie Huisman feild wurdt
De fjouwer skilderijen en pentekeningen fan Jopie Huisman hawwe 35.000 euro opbrocht. It oaljeferveskilderij fan syn dochter Marretje gie foar 18.000 euro fuort.
Der wie in soad belangstelling foar. Alle stuollen fan feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts wienen beset. Sels fanút it bûtenlân waard op de keunstwurken fan de Fryske master bean.