Muzykûnderwiis privatisearre

A7 is fallyt, yn Opsterlân kiest men foar privatisearring
It muzyk- en keunstûnderwiis yn Opsterlân wurdt privatisearre. De ried stimt yn mei it útstel fan boargemaster en wethâlders om it tenei troch in kommersjele partij útfiere te litten. It is it gefolch fan it fallisemint fan it sintrum foar de keunsten A7. It sintrum foar de keunsten wie fan Opsterlân, Hearrenfean en de Stellingwerven.
Dy lêste twa gemeenten sjogge gjin heil yn privatisearing. Sy kieze foar in eigen organisaasje.