'Earst gjin beslút oer JSF'

Neffens De Vries komt de JSF der foarearst noch net
Steatssekretaris fan definsje Jack de Vries hat by EenVandaag sein dat nei de fal fan it kabinet der foarearst gjin beslút komme sil oer de oanskaf fan de JSF. Neffens De Vries is it dúdlik dat it JSF-projekt heart ta de kontroversjele ûnderwerpen. Dat hâldt yn dat de Twadde Keamer it no net behannelje wol. Hy tinkt ek dat de JSF ynset wurde sil fan de nije keamerferkiezings.
Yn Fryslân is in soad ferset tsjin de komst fan de JSF.