Transportbedriuw Garyp groeit

22 feb 2010 - 17:09

Van der Veen Transport út Garyp nimt alle transportaktiviteiten fan Kapa út Katwijk oer. It bedriuw krijt der 30 klanten en 6 frachtweinkombinaasjes mei sjauffeur by. It bedriuw groeit dêrmei nei 40 frachtweinen en 60 oplizzers. It bedriuw ferfiert fral boumateriaal.

Mei de oername hopet Van der Veen de gefolgen fan de ekonomyske krisis opfange te kinnen. De oername moat de omset wer nei it âlde nivo bringe fan goed 6 miljoen euro per jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)