Gas ûntsnapt by tankstasjon

In tankstasjon yn Ljouwert hat moandeitemiddei ôfsletten west. It pompstasjon oan de Oeriselsestrjitwei, tsjinoer de McDonalds fan Goutum, wie gas ûntsnapt. In automobilist wie gas oan it tanken, doe't de tankdop losrekke. It gas rûn út de auto en dêrtroch ûntstie grutte kâns op brân. De brânwacht wie der gau by en hat it stasjon ôfset.
It duorre net lang foardat alle gas ferflein wie. Dêrmei wie it gefaar oer en koe it tankstasjon wer gewoan iepen.