Fermiste frou wer werom

22 feb 2010 - 14:20

De 45-jierrige frou út Ljouwert dy't sûnt tongersdei fermist waard, is wer werom. Hoe't it mei har giet en wêr't se fûn is, kin de plysje net sizze.

Tongersdeitejûns is mei 3600 boargers útsjoen nei de frou, mei in burgernetaksje. Se hie dy middeis yn oerspannen tastân har wenning ferlitten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)