Fal kabinet min foar ekonomy

22 feb 2010 - 12:22

De fal fan it kabinet hat ek gefolgen foar de ekonomy. Sa sizze MKB Fryslân en it CNV. De Earste Keamer soe ynkoarten beslute oer de krisiswet. Dy moat derfoar soargje dat grutte bouprojekten lykas de rotonde fan de Jouwer nei foaren helle wurde.

Mei de fal fan it kabinet is it mar de fraach oft de wet goedkard wurdt. Dit kin grutte gefolgen ha foar de bousektor yn Fryslân. Ek yn oare sektoaren is de need heech en moatte maatregels komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)