Dak De Skakel wurdt renovearre

22 feb 2010 - 11:52

De protestantske tsjerke yn Drachten ferwachtet yn april wer byienkomsten hâlde te kinne yn it tsjerkegebou De Skakel. Ein desimber is in part fan it dak fan de tsjerke ynstoart troch snie en wetter. It dak wurdt foar goed 70.000 euro folslein renoveard. Dat wurdt betelle mei eigen jild en jeften, want de fersekering dekt gjin snieskea.

De fêste besikers fan de Skakel hâlde foarearst byienkomsten yn de Menorah- tsjerke yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)