Streuperijteam bliuwt aktyf

22 feb 2010 - 11:43

It fiskstreuperijteam bliuwt aktyf. Twa wiken lyn fersekere minister Verburg de Twadde Keamerleden dat it fuortbestean fan it team fersekere wie. Foar de bestriding fan grutskalige fiskstreuperij wurkje regionale plysje, de AID en it KLPD al tsien jier gear.

Om de streupers in slach foar te bliuwen feroaret dit jier it ien en oar. De streupers binne ek oerdeis aktyf. Dêrom wurdt gearwurking socht mei teams op de Iselmar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)