Jild foar jubileum De Tynje

22 feb 2010 - 08:38

De Tynje krijt 8500 euro fan it Oranjefûns. De feestkommisje 'de Tynje 100' hat it jild oanfrege foar de organisaasje fan jubileumaktiviteiten. De Tynje bestiet dit jier 100 jier.

Der sil ûnder oare in kuiertocht organisearre wurde en der komt in Frysktalige fertolking fan Jesus Christ Superstar. It Oranjefûns is it grutste sosjale fûns fan Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)