'By ferkiezings lokaal stimme'

Lytse, lokale partijen binne benaud dat lanlike tema's de gemeenteriedsferkiezings behearskje sille. Dat hat te krijen mei de fal fan it kabinet. Partijen lykas de FNP en Gemeentebelangen ha gjin lanlike tema's en binne benaud dat dat har stimmen kostje sil.
Gemeentebelangen Frjentsjerteradiel ropt dêrom boargers op om foaral de stânpunten fan har eigen gemeentepartijen net út it each te ferliezen.