Sam Jones nije spiler by Aris

21 feb 2010 - 13:00

De Friesland Aris hat yn Sam_Jones in opfolger fûn foar Tristan Blackwood. Sneontejûn tekene Jones in kontrakt oant de ein fan it jier. De Amerikaanske pointguard mei in Nederlânsk paspoart sil sneon syn debút meitsje yn en tsjin Amsterdam.

De 31-jierrige Sam Jones spile fiif jier yn Den Bosch en wûn twa nasjonale titels. Ek spile er ûnder oare yn Spanje en op Syprus. Tristan Blackwood spilet no foar EiffelTowers Den Bosch dêr't er de blessearre Oliver ferfangt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)