Middeis begrave wurdt djoerder

21 feb 2010 - 12:52

Begrave op It Bilt wurdt djoerder. Alteast as it middeis nei healwei trijen en sneons nei healwei ienen bart. De gemeente wol sa ûntmoedigje dat minsken in begraffenis regelje op sneontemiddei of let op de middei. Dy tiden wurde populêrder, omdat minsken dan makliker frij kinne fan har wurk.

Yn de nije begraafplakkennotysje stiet dat de kosten op sokke oeren tenei 50 prosint heger lizze sille. De gemeenteried nimt der 9 maart in beslút oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)