Hearrenfean mazzelet nei winst

SC Hearrenfean hie sneontejûn oer gelok net te kleien. Yn Waalwyk waard RKC mei 2-1 ferslein. Gerald Sibon sette nei 13 minuten, op oanjaan fan debutant Filip Djuricic, de Feansters op foarsprong. Dêrnei fergeat de ploech dien wurk te meitsjen.
De twadde helte wie min en yn de 68ste minút kaam de nûmer lêst fan de earedivyzje op 1-1 troch De Ceulaer. Troch in kadootsje fan skiedsrjochter Nijhuis - hy joech in strafskop - koe Sibon de winst feilich stelle.