Skouts fiere ieufeest
Mei in grutte kuiertocht is sneon it 100-jierrich bestean fan Scouting Nederlân fierd. Sa'n 700 Fryske scouts kamen by elkoar yn Appelskea. Nei jierren fan stilstân en ledeferlies is de Fryske skouting wer in bloeiende feriening wurden mei sa'n 3000 leden.
Der wiene tal fan festiviteiten organisearre. De paadfinerij is in ieu lyn oprjochte troch Baden Powel.