Blackwood ferlit Aris

Tristan_Blackwood ferlit De Friesland Aris. De Fryske basketbalklup ferliest dêrmei in liedende pointguard en in wurdearre spiler. Blackwood sil spylje foar EiffelTowers Den Bosch dêr't er de blessearre Oliver ferfangt.
Blackwood spilet sneon syn lêste wedstriid foar de Friezen. Dan wurdt ôfskied fan him nommen. Aris sil op koarte termyn in ferfanger sykje en tinkt dy binnen in wike presintearje te kinnen.