Lânbouplannen geane troch

20 feb 2010 - 15:34

De fal fan it kabinet hoecht gjin fertraging op te smiten foar lânbou- en natuerplannen yn Fryslân. Dat ferwachtet CDA-minister Verburg. Sy fierde sneon kampanje yn Fryslân foar de kommende riedsferkiezings.

Lanlik passe CDA en ChristenUnie yn it kabinet op 'e winkel oant der in nij regear is. Yn sa'n perioade wurdt gjin nij belied makke en bliuwe saken lizzen dêr't in soad diskusje oer is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)