Jild foar bunker seedyk

It behâld fan de bunker oan de seedyk by Koehoal is wer in stap tichteby kommen. De provinsje, de gemeente, it wetterskip en in tal partikulieren ha 37.000 euro tasein. De opknapbeurt fan de bunker kostet sa'n 60.0000 euro.
It bestjoer fan de stichting giet der fan út dat it ûntbrekkende jild ek noch binnenhelle wurde sil. Der moat foar it opknappen noch wol in boufergunning oanfrege wurde, mar de stichting hopet oan 'e ein fan dit jier los te kinnen mei it wurk.