Koperdief op 'e die trappearre

Meiwurkers fan in sloopbedriuw oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert ha freedtemoarn in koperdief betrape. De Ljouwerter wie yn it bedriuw dwaande om it koper fuort te heljen, doe't de meiwurkers him oer it mad kamen. Se holden him oan en bellen de plysje.
De 32-jierrige man waard meinommen nei it buro, dêr't by it fûllearjen ek noch in pûdsje mei wyt poeier fûn waard. De plysje hat it fermoeden dat it om harddrugs giet. De man is foar neier ûndersyk ynsletten.