Tsjûgen socht fan stellen auto

Op De Lemmer is tongersdeitemiddei in grize Mercedes stellen by in bedriuw oan de Yndustrywei. De eigner woe mei de auto syn trekker starte en op it momint dat er yn de trekker siet, naaide ien út mei syn auto. De plysje hat de hiele omjouwing ôfsocht, mar fûn de auto net. Freedtemiddei waard de auto oan it Breezand op De Lemmer weromfûn. De auto is earst yn beslach nommen foar spoare-ûndersyk.
De plysje siket tsjûgen fan dizze stellerij.