Fal kabinet jout ûndúdlikheid

Apotheker tinkt dat in nij regear ek foar weryndieling kiest
Meiwurkers fan de provinsje binne sneon fuort al te set gien oer de konsekwinsjes fan de fal fan it kabinet.
Kommissaris Jorritsma is benaud dat der moannen lang ûndudlikheid bliuwt oer besunigings op de provinsje. De kâns liket grut dat de Twadde Keamer net mear in beslút nimt oer de weryndieling yn Súdwest-Fryslân. De aksjegroep Fan Underen Op tinkt sels dat de weryndieling fan de fiif gemeenten fan de baan is.