Krimp kostet doarpen soad jild

20 feb 2010 - 13:01

Holwert is yn 2030 op papier hast 24 miljoen euro minder wurdich. Alteast, as de krimp sa troch set. Elk hûs ferliest 850 euro yn wearde. It is de útkomst fan ûndersyk yn opdracht fan de gemeente. Dy wol witte wat de gefolgen en de kosten fan de krimp binne. Sa moat sjoen wurde wat dien wurde kin om it te kearen.

Troch op tiid hûzen te slopen en te ynvestearjen kin de weardefermindering goed opfongen wurde. Yn it programma SneonS wurdt oer de kwestje praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)