Sven Kramer fielt him goed

19 feb 2010 - 21:07

Sven_Kramer fielt him goed yn oanrin nei de 1500 meter fan sneon. Dêryn hopet Kramer in moai ferfolch te jaan oan syn gouden medalje op de fiif kilometer. 'De eufory en opluchting wiene grut nei it goud. We gokke der op dat Sven dêr in soad moed út put', sa fertelt trainer Geert_Kuiper.

Kramer hat dizze wike benammen wurke om mear snelheid te krijen. Kuiper: 'Hy is gjin favoryt. Mar as hy him net te drok makket en ûntspannen rydt, kin er moaie dingen sjen litte.'

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)