Mishanneling skokt sportklup

19 feb 2010 - 16:19

De swiere mishanneling fan in plysjefrou troch ien fan de leden hat grutte ympakt hân op de kickboksferiening Mejiro-Jim yn Ljouwert. De Harnzer fertochte dy't freed foar de rjochter stie is nei it ynsidint fuortendaliks út de klup set.

De man waard ferline jier oanhâlden yn Ljouwert. Hij wie dêr sa lulk oer, dat er de froulike plysje in hurde klap joech. Mei syn kickboks-achtergrûn kaam dy klap like hurd oan as at er mei in honkbalkneppel slein ha soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)