Balkenende as kok yn Fryslân

Lekker ite mei Reitse en JP
Minister-presidint Jan Peter Balkenende sil sneon 27 febrewaris itensiede foar Fryslân. Balkenende komt nei de provinsje yn it ramt fan de gemeenteriedsferkiezings fan 3 maart.
Moarns sil der earst in besite brocht wurde oan sportkompleks Wiarda by Goutum. Middeis tusken tusken healwei ienen en healwei twaen sil de minister-presidint tegearre mei TV-kok Reitse Spanninga itensiede.