Famke yn Ljouwert berôve

19 feb 2010 - 10:15

In 16-jierrich famke út Goutum is tongersdeitejûn yn Ljouwert berôve troch twa mannen. Se stie te beljen op de Ruyterwei, doe't se fêstpakt en op de grûn goaid waard. De mannen naaiden út mei har tas. Dêr siet jild en ferskate paskes yn. De manlju draafden fuort yn de rjochting fan it Noordvliet.

It famke gie der lûd roppend achteroan om oandacht te lûken, mar ferlear de mannen út it each. De frou hat oanjefte dien en krijt slachtofferhelp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)