Fuotbalsters winne fan Utrecht

Carmen Manduapessy yn fel duel (foto: SC Hearrenfean)
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdei de twadde oerwinning fan it seizoen helle. Op it keunstgers fan de Snits Wyt Swart waard FC Utrecht mei 2-1 ferslein.
Utrecht kaam nei in kertier op in 1-0 foarsprong troch in flater yn de Fryske ferdigening. Mar troch twa doelpunten fan Sylvia Smit luts Hearrenfean nei 90 minuten oan it langste ein. Hearrenfean stiet nei 11 wedstriden mei 9 punten noch wol op it lêste plak.