Boer en Wüst teloarstellend

© Omrop Fryslân
Margot Boer en Ireen Wüst hawwe gjin medalje helle op de 1000 meter. Boer, wenjend yn Grou, waard teloarstellennd sechsde. By it yngean fan de lêste ronde lei se noch foar op de winnares Christine Nesbitt, mar yn de lêste ronde klapte se yn.
De fan It Hearrenfean ôfkomstige Wüst fûl bot ôf en waard achtste. In sulveren medalje wie der foar Annette Gerritsen. Se einige mar twa hûndertsten efter de winnares. Laurine van Riessen helle knap brûns.