Lokale polityk tsjin CO2-proef

Gjin CO2-opslach, seit de mearderheid fan de lokale politisy
As it oan de lokale polityk leit, komt der gjin proef mei CO2-opslach yn Noard-Nederlân. Ut in enkête fan Greenpeace ûnder goed 90 gemeentlike fraksjes yn it noarden docht bliken dat der gjin stipe is foar de plannen fan it kabinet foar sa'n proef.
It kabinet wol graach CO2 opslaan yn Noard-Nederlân as de earste proef yn de gemeente Barendrecht slagget. Noard-Nederlân soe tige geskikt wêze om't CO2 pompt wurde kin yn de lege gasfjilden hjir.