Aksje tsjin regels gastâlders

Bern thús opfange wurdt dreger
Fryske gemeenten moatte yn aksje komme tsjin de nije strange regels foar gastâlders. Dat fynt wethâlder Van Esch fan Eaststellingwerf. Gastâlden moatte sûnt 1 jannewaris oan folle strangere easken foldwaan en mear offisjele diploma's yn 'e hûs hawwe. Foar in protte minsken is dat reden om der mei op te hâlden.
Yn Eaststellingwerf giet it al om in kwart fan alle gastâlders. Van Esch is benaud dat dit ten koste giet fan de leefberens op it Fryske plattelân.