Keapsnein wie hast splytswam

18 feb 2010 - 20:59

It CDA Smellingerlân hat yn de ofrûne perioade drige it kolleezje op te blazen as de keapsnein ynfierd wurde soe. In mearderheid fan de ried wie foar de keapsnein, mar it CDA hat der altiten op tsjin west.

Koalysjepartner PvdA fûn dit punt neffens listlûker Nieske Ketelaar net swier genôch om it kolleezje oer stroffelje te litten. Dat sei Ketelaar tongersdei by in ferkiezingsdebat dat organisearre wie troch Omrop Fryslân en beide Fryske kranten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)