Boargemaster It Bilt fuort

18 feb 2010 - 20:37

Boargemaster Aucke van der Werff fan it Bilt ferlit dy gemeente. Hy wurdt earste boarger yn de gemeente Noordoostpolder. Hy folget dêr Willem Ridder van Rappard op. Van der Werff is sûnt 2003 boargemaster fan it Bilt. Dêrfoar wie er wethâlder yn Wymbritseradiel.

De ried fan de Noordoostpolder hat Van der Werff tongersdei offisjeel foardroegen. De beneaming moat noch bekrêftige wurde troch de Keninginne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)