Ierdwaarmte net te brûken

18 feb 2010 - 19:41

It brûken fan ierdwaarmte foar in elektrisiteitssintrale op Skylge is net helber. Dat hat bliken dien út ûndersyk. Under Skylge en de Waadsee sitte hytwetterboarnen yn de boaiem. It doel fan it ûndersyk wie om út te finen oft dy waarmte nei boppen helle wurde kin en omset wurde kin yn enerzjy.

Dat dat net helber is, komt foaral omdat it dreech is om troch de hurde boaiemlaach hinne te kommen. En de temperatuer fan it wetter is te leech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)