Nije gemeentesiktaris SWH

18 feb 2010 - 19:25

De 43-jierrige Johan Krul wurdt de nije algemien direkteur en gemeentesiktaris fan de fúzjegemeente yn de Súdwesthoeke. Krul is no noch direkteur fan in wenningkorporaasje yn Emmen en hat ek yn Nijefurd gemeentesiktaris west.

Krul sil fan 1 april ôf oan de slach mei it weryndielingsproses. Hij wurket earst fanút it projektburo yn Drylts, mar sil ek gauris yn de oare gemeenten te finen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)