Mem soldaten foar nije missy

Yn de Twadde Keamer begûn tongersdei it spoeddebat oer de missy yn Uruzgan. De PvdA wol dat Nederlân fuortgiet út Uruzgan, it CDA wol dat it Nederlânske leger langer yn Uruzgan bliuwt.
Omrop Fryslân hie tongersdei kontakt mei famyljeleden fan soldaten yn Uruzgan. De measten fan harren binne foar in nije missy yn Afganistan. Dat jildt ek foar frou Wybenga fan Gytsjerk. Sy hat trije soannen, dy't alle trije koartere of langere tiid útstjoerd waarden nei Uruzgan.