Wâldrock hâldt op

Der komt dit jier gjin Wâldrock Festival. Neffens de organisaasje fan it Burgumer metalfestival binne de heech oprûne kosten de wichtichste oarsaak. Sa binne bands, fasiliteiten en feilichheidsmaatregels hieltiid djoerder wurden. Ek wurdt in tal edysjes mei minder taskôgers as oarsaak neamd. Dêrneist is der konkurrinsje fan oare festivals.
Yn de rin fan de kommende moannen wurdt besjoen oft der in definityf ein komt oan it Wâldrock Festival.