FNV posityf oer Smellingerlân

18 feb 2010 - 12:48

De gemeente Smellingerlân komt as bêste Fryske gemeente út de lokale monitor werk, inkomen en zorg fan fakbûn FNV. Dit ûndersyk wurdt om de twa jier hâlden. Dêrby wurdt sjoen nei saken as wachttiden, eigen bydragen en duorsum ynkeapje. Der kinne 100 punten helle wurde. Lanlik komt gjin gemeente boppe de 70 punten. Smellingerlân hat 55 punten skoard.

Fryske gemeentes dy't min skoare binne Boalsert, Gaasterlân-Sleat, Nijefurd, Lemsterlân en Littenseradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)