Froulju It Fean wer nei Snits

18 feb 2010 - 12:37

De froulju fan SC Hearrenfean spylje tongersdei harren thúswedstryd tsjin Utrecht op it keunstgersfjild fan Snits Wyt Swart. Der is foar in oare lokaasje keazen omdat it haadfjild fan sportpark Skoatterwâld troch de froast net bespylber is.

It frouljusteam fan Hearrenfean hat dit jier troch de winter noch mar twa kear fuotballe. Ut by FC Twente waard it 1-1 en yn Tilburch waard mei 1-0 ferlern fan Willem II. De wedstriid begjint tongersdei om healwei achten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)