Kultuerwizer al 500 kear dien

18 feb 2010 - 11:49

De kulturele stimwizer fan teater De Lawei yn Drachten is al goed 500 kear troch minsken ynfuld. Mei de ynternet- stimwizer kinne minsken troch it beantwurdzjen fan fragen sjen hoe't de partijen dy't yn Smellingerlân meidogge oan de riedsferkiezings tinke oer saken dy't te krijen ha mei kultuer.

Nei ôfrin wurdt in stimadvys jûn. De kultuerwizer is noch oant en mei nije wike te finen op de website fan it teater.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)