Iepenloftspul op 'e Feanhoop

18 feb 2010 - 11:40

By it arkje fan Rink van der Velde op De Feanhoop wurdt as alles goed giet yn septimber in iepenloftspul opfierd. It giet om de bewurking fan it boek Pake Sytse fan Rink van der Velde.

Woansdei wie it njoggen jier lyn dat Van der Velde ferstoar. Hy is noch altyd ien fan de meast lêzen Fryske skriuwers. Dit jier is troch ûnder oare it Fryske Gea útroppen ta Rink van der Veldejier. It Fryske Gea is ek nau belutsen by de plannen foar it iepenloftspul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)